De goedens fan God
Opw. 849
'k hâld fan Jo, Heit,
Jo genede sil my drage
dei oan dei, yn e’ palm fan Jo hân
Fanôf it stuit dat ik oerein kom
oant ik wer sliepe sil
sjong ik fan Jo goedens, o God
Al hiel myn libben binn' Jo trou west
Al hiel myn libben binn' Jo goed, sa goed
Mei alle asem dy’t ik ha, Hear
sjong ik no, fan Jo goedens, o God
Jo sêfte stim holp my troch de drege tiden
Jo wien’ der by, yn ’e tsjustere nacht
Ik ken Jo as myn Heit
Ik ken Jo as myn freon
Ik ha libbe yn Jo goedens, o God
Al hiel myn libben binn' Jo trou west
Al hiel myn libben binn' Jo goed, sa goed
Mei alle asem dy’t ik ha, Hear
sjong ik no, fan Jo goedens, o God
Jo goedens is altyd by my
is dei en nacht by my
Jo goedens is altyd by my
is dei en nacht by my
‘k Ha my oerjûn Hear
mei myn hert en siel
‘k bring alles no by Jo
Jo goedens is altyd by my
is dei en nacht by my
Jo goedens is altyd by my
is dei en nacht by my
Jo goedens is altyd by my
is dei en nacht by my
‘k Ha my oerjûn Hear
mei myn hert en siel
‘k bring alles no by Jo
Jo goedens is altyd by my
is dei en nacht by my
Al hiel myn libben binn' Jo trou west
Al hiel myn libben binn' Jo goed, sa goed
Mei alle asem dy’t ik ha, Hear
sjong ik no, fan Jo goedens o God
Al hiel myn libben binn' Jo trou west
Al hiel myn libben binn' Jo goed, sa goed
Mei alle asem dy’t ik ha, Hear
sjong ik no, fan Jo goedens o God
Ticht by Jo, yn Jo goedens, o God
Bibel referinsjes:
Psalm 40:9-11, Exodus 33:19, Psalm 146:2